• GeDoBr

    Naar Actoverzicht
    Geert Hager, Douwe Wobbes en Brugt Vries, hja kinne elkoar fan froeger en troffen elkoar wer by de nijjiersrevu fan Koatstertille. Mar Geert skreau sa’n protte ferskes dy ‘t Brugt dan op muzyk sette dat hja it skande fûnen om dat lizze te litten. Mei Douwe as tenoar is yn 2008 sa it idee ûntstien om mei har trijen GeDoBr op te setten en dêr wolle hja jimme graach dielgenoat fan meitsje. Se sjonge ferskes en dy geane oer maitiid, simmer, hjerst en winter. It giet oer jong, oer âld, oer leafde en fertriet. It giet oer sûnens, oer siik, oer libben en oer dea. En it giet... It giet oer alles en it giet oer niks! Dan bringe hja sûnt 2013 jûnfoljend har teaterprogramma: “Echte Keardels” Dêr yn wolle sy mei sketskes en ferskes har graach fan in oare kant oan jim sjen litte. GeDoBr giet altyd fan ‘t iene nei ‘t oare, fan kolder nei emoasje, mar sy bringe allinnich mar wurk fan eigen hân.
    www.gedobr.nl